Wat deed ik voor dit project
Productie, PR en coördinatie fysieke en online kaartverkoop
Over de Friestalige voorstelling
Teater ûnder it PM-kanaal
De DWERSKOP is in grut muzikaal en fisueel teaterbarren midden op de Sintrale As, foar it akwadukt fan Burgum. Mei meiwurking fan sa’n 150 minsken út de omkriten fan de nije wei. Foar it barren wurdt spesjaal in grut projektkoar en in gelegenheidsorkest oprjochte. In spesjale edysje fan it Iiepenloftspul Burgum yn gearwurking mei BUOG. In barren om net gau te ferjitten!
It nije akwadukt komt it Hendrik Bulthuis akwadukt te hiten. Nei de bekende kapper en boatebouer út Burgum. It ferhaal wurdt ferteld fanút de kapperssaak.
It ferhaal
Twa memmen sjogge fanút de kappperstoel nei harren bern dy it lok net fine kinne. Folmer is de iene, in frijgeselle boer dy’t in protte kânsen yn it libben mist hat. Maaike is de oare, wol troud, mar net gelokkich. Tritich jier lyn hienen se ferkearing, mar troch in famyljeskeel moast hjir in ein oan komme. Se wenje beide oan in kant fan it kanaal, troch it akwadukt kinne se no wer by elkoar komme. Foardat se inoar fine moat der lykwols hiel wat wetter troch it PM-kanaal streame.
https://youtu.be/AJWmJzAVKoQ